Protte ynteresse yn sinnepark by Kollum

26 jun 2017 - 22:47

Kollum rint wol waarm foar de plannen foar in sinnepark oan de râne fan it doarp. Dat die moandei bliken op in ynformaasjegearkomste yn Kollum. Yn 2018 is it de bedoeling dat sinnepark Jumaheerd oan de râne fan it doarp yn bedriuw giet. It moat genôch enerzjy opsmite om oan 43% fan it enerzjyferlet fan Kollum te foldwaan. De direkte omwenners binne earder al bypraat, en no wie de rest fan it doarp oan bar.

De ynwenners hiene net in soad krityk op de plannen. Se hawwe noch wol in soad fragen, bygelyks oer de partisipaasje dy't mooglik is. Ek binne der punten fan soarch, oer bygelyks briedende greidefûgels tichteby it park, de strieling en mooglike lûdsoerlêst fan de generatoaren.

Enerzjybedriuw GroenLeven is wiis mei de opkomst fan de jûn. Sy sizze dat de lûdsoerlêst tafalle sil, en dat der neffens de miljeuregels wurke wurdt. De gemeenteried moat noch ynstimme mei it plan foar it sinnepark. Ek binne de stikken noch yn te sjen foar de Kollummers.

Trefwurden: 
sinnepark Kollum Jumaheerd
(Advertinsje)
(Advertinsje)