Swelleteller: Koloanje Esonstêd bliuwt op sterkte

It giet goed mei de sweltsjes yn Esonstêd. Fûgelteller Arnold van Dam fan de sweltsjewurkgroep 'De Zwaluw aan de balken' is úteinset mei it tellen fan de koloanje hússweltsjes yn it fakânsjedoarp. Yn it Frysk wurde dy ek wol wytgatsweltsjes neamd.
De earste yndruk is goed. Van Dam telt al jierren de hússweltsjes yn Esonstêd op De Skâns (Eastmahorn). De beskerme fûgel is neffens him wichtich foar Fryslân: "De huiszwaluw is zwart-wit, maar het gekke is: Hij kleurt onze zomer", seit Van Dam.
Oan 'e fan 'e dei binne yn it fakânsjepark mei-inoar 186 nêsten teld. Dat is in bytsje mear as ferline jier. Doe wiene it 183.
Stabyl
By in lytsere koloanje sweltsjes op De Skâns binne 37 nêsten teld, ien minder as ferline jier. Omdat de koloanje sweltsjes yn Esonstêd mei 1,6 prosint groeid is, konkludearret Van Dam dat er stabyl bliuwt. Dat is goed nijs foar Fryslân en it fakânsjepark by it Lauwersmargebiet.
Skyt
Trije jier ferlyn wie de takomst fan de sweltsjes yn Esonstêd ûnwis. De lieding fan it park wie doe net bliid mei de nêsten dy't tsjin de dakrâne oanboud binne. Ek krige it park klachten fan besikers oer de skyt by de huzen. De parklieding is dêrom om tafel gien mei de sweltsjewurkgroep. Om de klachten oer de fûgelskyt te ferminderjen binne planken ûnder de nêsten pleatst. Sa falt de skyt net mear op de grûn of tsjin de muorren oan.
Esonstêd op plak 2
Esonstêd is it twadde plak fan Fryslân mei de measte sweltsjes. Starum stiet op plak nûmer 1. Op de ranglist fan hiel Nederlân stiet Starum op 2 en it fakânsjepark op 5.