Sander Arends earste Fries op Wimbledon?

26 jun 2017 - 20:42

Tennisspiler Sander Arends út Ljouwert hat mei syn dûbeldpartner Hsien-Yin Peng út Taiwan de earste ronde fan it kwalifikaasjetoernoai foar Wimbledon wûn. Yn de wedstriid tsjin de bruorren Ratiwatana út Tailân waard it 7-6 en 6-3. De tie-break fan de earste set wie hiel spannend, en gie úteinlik mei 11-9 nei Arends en Peng.

De Taiske tennistsjinstanners wiene de heechst pleatste dielnimmers yn it kwalifikaasjetoernoai. Yn it foar waard tocht dat se better as Arends en syn maat. As dy twa de twadde ronde fan it kwaliifikaasjetoernoai ek winne, stean se nije wike yn it haadtoernoai fan Wimbledon. It soe foar it earst wêze dat in Fries dat hellet.

Sander en syn maat moatte woansdei wer yn aksje komme. Dan spylje se tsjin de 'servicekanonnen' (sa't er it sels seit), de Sweden Johan Brunström en Andreas Siljeström. As Arends mei syn maat dy wedstriid ek wint, dan stean se nije wike yn it haadtoernoai fan Wimbledon.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(Advertinsje)
(Advertinsje)