Ald-haadredakteur Noordmans Ljouwerter Krante ferstoarn

© Omrop Fryslân
Ald-haadredakteur Jacob Noordmans fan de Ljouwerter Krante is ferstoarn. Dat meldt de krante sels. Noordmans wurke fan 1952 oant 1989 by de Ljouwerter. Yn 1966 waard er haadredakteur. Hy wie it dy´t Rimmer Mulder nei de krante helle dy´t letter ek haadredakteur waar en dy't ek no ek al mei pensjoen is. Nei syn pensjoen is Noordmans noch in hiel skoft trochgien mei syn eigen rubyk ´Gast op zondag´.
Noordmans is 89 jier wurden.