Telefoanladers en lisfyts stellen: sân wiken de sel yn

26 jun 2017 - 17:47
Foto: Omrop Fryslân

In 42-jierrige man út Grou moat sân wiken de sel yn omdat er yn Ljouwert sân telefoanladers en in lisfyts stellen hat. Hy hat de fyts brûkt om út Ljouwert wei nei hûs te riden, doe't er er de lêste trein mist hie.

De telefoanladers hat er stellen by de Xenos. Hy woe se ferkeapje. De man is gjin ûnbekende fan de plysje. Hy hat in strafblêd fan sechtsjin siden.

Trefwurden: 
telefoanlader lisfyts Grou
(Advertinsje)
(Advertinsje)