Lintsje foar famylje Hofstra

26 okt 2011 - 16:07

Jetze Hofstra en syn frou Jantje fan Skraard ha woansdei beide in lintsje krigen. Boargemaster Hayo Apotheker rikte de keninklike ûnderskieding út yn it Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân. De Hofstra's binne dêr al alve jier aktyf as frijwilliger. Jetze en Jantje Hofstra ha fierder aktyf west yn ferskate bestjoeren, tsjerke en it doarpshûs De Utwyk. Se binne beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau.

(Advertinsje)
(Advertinsje)