Buorlju camping De Feanhoop net iens mei bestimmingsplan

26 jun 2017 - 17:23

De buorlju fan camping en jachthaven De Feanhoop binne it net iens mei it bestimmingsplan fan de gemeente Smellingerlân foar it rekreaasjepark. De eigener fan de camping wol achttjin lúkse rekreaasjewenten delsette op it terrein, mar de buorlju ha dêr beswier tsjin makke by de Ried fan Steat. Sy binne benaud foar oerlêst fan parkearjende auto's.

Yn de plannen komt it hûs fan de buorlju aanst tusken twa parkearterreinen te lizzen. Neffens de regels moat in parkearplak op syn minst tsien meter fan in hûs lizze. De buorlju sizze dat it yn dit gefal minder is, mar neffens de campingbaas en de gemeente Smellingerlân is it mear as tsien meter.

As de campingeigener gjin tastimming krijt foar de bou fan de rekreaasjewenten, dan wol er tsientallen chalets op it terrein sette. Dêr soe er gjin spesjale fergunning foar nedich ha. 

De Ried fan Steat docht binnen seis as tolve wiken útspraak. 

(advertinsje)
(advertinsje)