Skimmelsykte treft hast alle esken Steatboskbehear

26 jun 2017 - 16:34

Hast alle eskebeammen fan Steatsboskbehear yn Fryslân binne siik troch de esketûkestjerte. Dat is in tige agressive skimmelsykte. De ferwachting is dat mar ien op de tsien esken sûn bliuwt. Yn Fryslân binne in soad bosken mei esken. Troch de sykte kinne se maklik omfalle.

Steatsboskbehear hellet de sike beammen safolle mooglik fuort, mar dêrtroch falle der wol gatten yn de bosken. Dy moatte op in natuerlike manier wer tichtgroeie, of der komt nije oanplant, seit Steatsboskbehear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)