Iennige lift Sikkemahûs defekt troch stroomútfal

26 jun 2017 - 16:04

De steuring yn de iennige lift yn wensoachsintrum Sikkemahûs op De Westereen komt net troch bliksemynslach, sa't wenninboukorporaasje Accolade earder sei. Stroomútfal is de oarsaak, seit Accolade no.

Ien bewenner fan 87 jier siet fêst yn de lift en moast oardeloere wachtsje foardat de monteur der wie. Dy moast út Hoogeveen weikomme. De bewenners dy't net of dy´t min gean kinne, sitte no oantangele. Yn needgefallen sil de plysje harren helpe, sa hat de plysje oan in bewenner tasein dy't syn soargen útspruts.

De lift wurdt tiisdeitemiddei wer makke. Earder kin net, omdat der in ûnderdiel nedich is dat besteld wurde moast. Oant dat der is, kinne bewenners in treplift brûke dy't Accolade moandei ynstallearret. Bewenners binne der min oer te sprekken dat it gebou mar ien lift hat. As dy it net docht, sitte se fuortendaliks oantangele, sizze se.

Datselde lûd wie ein ferline jier ek te hearren by in oare soarchflat fan Accolade. Op It Hearrenfean wegere doedestiids ek in lift tsjinst. In bewenner dy't dêrtroch bûtensletten wie, koe mei help fan de plysje pas djip yn de nacht har eigen hûs wer yn. Se fielde har swier oan har lot oerlitten. 

Te djoer

Nei oanlieding fan dat ynsidint hat Accolade kontakt hân mei de bewennersferiening fan de flat op It Hearrenfean. Der is doe ôfpraat om it by ien lift te hâlden, seit Accolade, ûnder oare omdat oars de servicekosten foar de bewenners flink omheechgien wienen. 

Binnen in oere in monteur

Mei it liftbedriuw hat Accolade ôfpraat dat der by liftopslutingen yn soarchynstelllingen binnen de oere in monteur oanwêzich is. Yn De Westereen slagge dat net. It wie net dúdlik dat der noch ien yn de lift siet, seit Accolade. 


Mear 1-lift-flats 

De wenningkorporaasje hat noch wol mear flats dêr't mar ien lift yn sit. In wurdfierder wiist der op dat de brânwacht de flats ynspektearre hat, en dat se oan alle easken foldogge. In twadde lift soe ek yn lang net alle gefallen de problemen oplosse. 

Trefwurden: 
Sikkemahûs lift
(advertinsje)
(advertinsje)