Rinse Bleeker wurdt nije direkteur Sportstad Heerenveen

26 jun 2017 - 15:48

Rinse Bleeker wurdt de nije algemien direkteur fan Sportstêd Hearrenfean. Bleeker nimt dy funksje oer fan Fedde Pronk. Dy hat in tal jierren lieding jûn oan Sportstêd, mar hy die it derby. Troch ynterne ferskowingen yn de organisaasje en in oare wurkwize, wurdt de funksje fan algemien direkteur no in folsleine funksje.

Rinse Bleeker wie al direkteur operasjonele saken en hat al de lieding oer de deistige gong fan saken.

(advertinsje)
(advertinsje)