Muzyk fan Snitser blazers te hearren yn FIFA-reklame

De blazers fan de Putkapel út Snits binne op 't heden te hearren yn in online reklamekampanje fan de FIFA Confederations Cup. Dy wurdt in Ruslân spile en de kampioenen fan alle kontininten dogge dêroan mei.
Op de Facebookside Copa90 binne fideo's te sjen fan de lannen dy't meidogge en fan de fans. En yn dy fideo's is it nûmer 'Freed from desire' fan de Putkapel ferwurke. In bûtenlânsk reklameburo hat dat mei de Putkapel regele.