Wurkstraf ûnder betingst foar mishanneling om kâlde patat

26 jun 2017 - 15:42
Patat - Foto: ANP

In man út Amsterdam hat in wurkstraf ûnder betingst krigen, omdat er in portier fan in snackbar yn Ljouwert mishannele hie. De man wie lulk omdat de patat mei sambal dy't er besteld hie, neffens him kâld wie. Hy krige spul mei de snackbarmeiwurker, dy't de portier derby helle. Der ûntstie in wrakseling wêrby't de fertochte de portier by de skonken optilde en hurd op de grûn smiet.

De rjochter joech in lichte straf, omdat de portier ek nochal rûch west hie. De Amsterdammer rûn dêr in stikkene kies troch op.

Trefwurden: 
rjochtsaak mishanneling patat
(Advertinsje)
(Advertinsje)