Elske DeWall dûkt studio yn foar Nederlânsktalige muzyk

Nei it súkses fan The Passion sil sjongeres Elske DeWall mear Nederlânsktalige nûmers opnimme. Moandeitejûn dûkt se de studio yn om twa ferskes yn it Nederlânsk op te nimmen. It giet om twa covers, mar hokker wol de artyst út Feanwâlden noch even geheimhâlde. De sjongeres hat op it stuit in soad sukses mei it nûmer 'Heb het leven lief' út The Passion.
"Hy klinkt as in cd!"
Ofrûne freed- en sneontejûn stie DeWall yn de Ziggo Dome yn Amsterdam om te sjongen mei Marco Borsato. By de twa konserten ha 34.000 minsken west. It wie in feestje om't de konsertseal fiif jier bestiet. Elske DeWall wie ien fan de freonen fan Borsato dy't útnoege wie om mei te dwaan.
DeWall wie bot ûnder de yndruk fan it sjongen mei Marco Borsato: "Hy sjongt sa konstant. Hy klinkt as in cd!", sei DeWall moandei yn it programma De Middei fan Fryslân. Marco Borsato wie ek tige te sprekken oer DeWall.
Jurk
De jurk dy't DeWall oan hie by it optreden, hat se de freedtemoarn foarôfgeand oan it konsert noch kocht. DeWall: "Ik hie al in jurkje, mar ik tocht: 'It moat mear. It moat groots'. Dus wy binne de stêd yngien en ha in nije jurk kocht en dy siet as gegoten."