Westerener fan 87 oardeloere fêst yn lift fan soarchsintrum

26 jun 2017 - 13:14

Bewenners fan wensoarchsintrum it Sikkemahûs yn De Westereen meitsje harren grutte soargen oar de stikkene lift yn it gebou. De lift gie snein stikken. In bewenner fan 87 jier siet fêst en moast wachtsje op in monteur dy't út Hoogeveen komme moast. Nei't de man befrijd wie, krigen de bewenners te hearren dat de lift net earder as tiisdei makke wurdt. En dat is gefaarlik, want guon bewenners komme sûnder de lift it gebou net út.

Steuring

Neffens wenningboukorporaasje Accolade kaam de steuring troch de wjerljocht. Dêrtroch rekken net allinnich de lift, mar ek de elektryske doarren en de ferljochting fan slach. De fersoargers koene de ferljochting en de doarren sels wer oan de praat krije. Foar de lift moast in monteur ynskeakele wurde. Dy krige de 87-jierrige bewenner nei oardeloere út de lift.

Foar de lift moat in ûnderdiel besteld wurde, dat net earder as tiisdei te leverjen is. Neffens in wurdfierster binne twa meiwurkers fan Accolade yn it gebou om te sjen wat de problemen krekt binne en watfoar oplossingen betocht wurde kinne.

Trefwurden: 
De Westereen lift opsluting
(Advertinsje)
(Advertinsje)