"Provinsje moat noch miljoenen stekke yn de Sintrale As"

De provinsje moat noch mei 5,5 miljoen euro foar it Sintrale As-projekt oer de brêge komme, om de eigen tasizzingen nei te kommen. Dat sizze de direkteuren fan fjouwer Fryske lânskipsorganisaasjes. Konkreet giet it om It Fryske Gea, Landschapsbeheer Friesland, Friese Milieufederatie en de Noardlike Fryske Wâlden.
De 5,5 miljoen euro is it bedrach dat de provinsje tasein hat foar de saneamde 'plus' yn it projekt. Dêrby kinne je tinke oan saken as ferbetteringen foar de lânbou, de ferkearsfeiligens, de natuer, it lânskip en de kultuerhistoarje. No't de dyk der leit, moat ek dy 'plus' der komme, sa stelle de fjouwer organisaasjes moandei yn in iepen brief. Provinsjale Steaten prate der woansdei oer.