Fertochte deadlike stekpartij Ljouwert bliuwt fêstsitten

26 jun 2017 - 12:43

De 31-jierrige fertochte fan de stekpartij, ôfrûne tongersdei oan de Bereklauw yn Ljouwert, bliuwt fjirtjin dagen fêstsitten op fertinking fan moard of deaslach. Dat hat it Iepenbier Ministearje moandei bekend makke. De Ljouwerter wurdt fertocht fan it delstekken fan syn heit en mem. De mem ferstoar koart nei it ynsidint oan har ferwûningen, de heit waard swierferwûne nei it sikehûs brocht. De plysje docht noch altyd ûndersyk nei it famyljedrama.

(Advertinsje)
(Advertinsje)