Joop Atsma oansteld as nije ambassadeur Dairy Valley

Politikus Joop Atsma is moandeitemoarn oansteld as de nije ambassadeur fan Dairy Valley. Dat barde by it boechbyld fan de Fryske suvel, Us Mem yn Ljouwert. Atsma wurdt ambassadeur fanwege syn netwurken yn de polityk. Syn taak sil wêze om op te kommen foar de belangen fan de suvelsektor yn Fryslân.
Yn Dairy Valley komme ferskate inisjativen en partijen yn de agraryske en suvelsektor byinoar, sa as bedriuwen, ûndersyksynstellingen en net yn it lêste plak it ûnderwiis. Fryslân is koprinner yn de wrâld, as it giet om nije ympulsen yn de suvel. Us provinsje is in belangrike suvelprodusint en dat moat mei ynnovaasje en duorsumheid ek yn de takomst sa bliuwe, sa fynt Dairy Valley.