Oerfal op snackbar Aldskoat yn Opsporing Verzocht

26 jun 2017 - 09:45
De snackbar nei de oerfal - Foto: Jaring Rispens

De oerfal op in snackbar oan de Archimedeswei op 3 maaie yn Aldskoat is tiisdeitejûn te sjen yn in útstjoering fan it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht. In jonge fan 16 oant 20 jier âld mei in ljochtbrunige hûdskleur bedrige de meiwurkers mei in mes. Der ûntstie in wrakseling tusken de eigener en de oerfaller, wêrby't de oerfaller klappen krige mei in frituerkuorke. Hy naaide dêrnei út yn de rjochting fan de Benzwei.

De plysje hat noch nei him socht, mar dat smiet neat op. Mei help fan bylden fan de oerfal dy't yn de útstjoering te sjen binne, hopet de plysje dat nije tsjûgen harren melde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)