Blauhús krijt foarearst gjin stjoermêst

26 jun 2017 - 09:09

Blauhús krijt foarearst gjin stjoermêst yn it doarp. De KPN wol de opstelpunten yn de gemeente Súdwest-Fryslân opnij besjen. Dêrmei is de pleatsing fan in 40 meter hege stjoermêst midden yn it doarp op 'e lange baan skood.

De wurkgroep Antenne Blauhús is tige bliid mei it beslút fan KPN: "Wy binne net tsjin op in stjoermêst, wy wolle ek graach goed berik ha. Mar it is posityf dat wy ynspraak krije oer de stjoermêst", seit René Couperus fan de wurkgroep.

De ôfrûne moannen hat de wurkgroep him, mei help fan Zendmast Anders út Heech en de lokale polityk, bot ynset tsjin de pleatsing fan de stjoermêst.

De gemeente Súdwest-Fryslân sil ynkoarten mei de wurkgroepen fan Blauhús en Heech om tafel om te praten oer it belied oangeande stjoermêsten yn de gemeente.

(advertinsje)