Kollum: "Tryst nijs"

"Freed hearde ik tusken de middei it mediaoersjoch fan kollega Jitze de Vries by No yn Fryslân. Jitze fertelde dat 4 op de 10 minsken gjin belangstelling mear ha foar it nijs. Dizze minsken lêze gjin kranten, harkje net nei de radio en dogge de telefyzje út as it sjoernaal begjint. As foarbyld wie in ynterview mei iene Winny Bos te hearren, dy't oanjoech wêrom't sy it nijs net mear folget. Sy sei dêroer it folgjende:
"Ik word zo moe van alle negativiteit die door de media naar mij toe wordt gestuurd. Ik wil het niet meer. En toen ben ik gaan stoppen met eigenlijk alles. Het enige wat ik nog gebruik is Facebook, Twitter, Instagram en LinkedIn. Maar dat bekijk ik ook heel gericht."
It heart miskien nuver foar ien dy’t sjoernalistyk studearre hat, mar ik snap dizze frou wol. Sis no sels: dochst de telefyzje oan om gewoan efkes it sjoernaal te sjen en oarlogen, oanslaggen, moarden of ferkiezingsskandalen fleane dy om 'e earen. Der is mar weinich goed nijs mear tsjintwurdich.
Om in foarbyld te jaan, efkes in opsomming fan wêr’t ik justermoarn mei wekker waard op de radio. Hûndert deaden by in brân troch in kantele tankwein yn Pakistan. Goalera-útbraak yn Jemen. Alve deaden by in eksploazje yn in stienkoalemyn yn Kolombia. Man rydt yn op aginten yn it Belgyske Molenbeek. En tsientallen IS-oanhangers krije graasje yn Syrië. No goeiemoarn.
Tel foar de grap ris de positive berjochten yn in sjoernaal en hast der op in hiele dei noait mear as in hantsjefol. Faak komme de measte positive nijsberjochten fan de sportredaksje. Mar dan moast der ek noch bliksems omtinke, want it moaie berjocht dat in sporter posityf test is op bygelyks epo, is dus eins negatyf nijs. Soest der depressyf fan wurde.
Ik herinnerje my noch de prachtige 2DOC-dokumintêre 'Het beste voor Kees' oer de 49-jierrige Kees Momma. Kees is autistysk en kin allinnich mei help fan syn heit en mem syn angsten en obsesjes de baas bliuwe. Ien fan dizze obsesjes is dat er gjin negatyf nijs lêze wol. Dus plakt syn mem alle dagen de krante-artikels ôf dy't te negatyf binne. Der bleau hast neat mear oer, sil ik dy fertelle. It wie eins allegearre kommer en kwel. Dus lêsde Kees alle dagen in ôfplakte krante, mei inkeld noch it waarberjocht en de stripkes op de puzzelpagina.
It is fêst gek foar ien dy’t it nijs folget foar har wurk, mar somtiden soe ik dat ek wol wolle. In sjoernaal of krante mei allinnich mar posityf nijs. Ik fiel my sa stadichoan ek wol in bytsje krekt as Kees. Datst de telefyzje wol útdrukke wolst, omdatst der suver tryst fan wurdst.
It liket wol of giet it hjoed-de-dei mâler as ea tefoaren. Mar dat is net sa. It ferskil mei froeger is allinnich datst hjoed-de-dei alles sjen en hearre kinst. Fansels waarden der hûndert jier lyn ek hiel wat minsken in kopke lytser makke, mar dat waard net filme en ferfolgens op YouTube set. Dat is pas fan de lêste jierren. En it giet hieltyd fierder.
Nim de ûntfiering fan Derk Bolt, presintator fan Spoorloos. It wie noch krekt net sa fier dat wy de kidnapping fia syn eigen livestream folgje koene, mar dat wurdt de folgjende stap. Let mar op. Dat wy in melding krije: ‘Hi, ik ben ontvoerd. Volg me nu, voorspel wanneer ik vrijkom en win een weekend naar deze Colombiaanse gangsterstad.’
De fraach is allinnich: wolle wy dit ek allegearre hearre en sjen? Wurdst der gelokkiger fan om alles te witten? Ik kin my foarstelle dat minsken dy’t net ôfhinklik binne fan it lêste nijs, de telefyzje en de radio leaver útsette. Sterker noch: 4 op de 10 minsken dogge dat dus al. Fjirtich prosint kin net mear oer tryst nijs en folget dêrom allinnich noch berjochten op social media.
Facebook, Twitter en Instagram brûke foar dyn nijsgaring. Dat is toch noch wol it aldertryste nijs fan alles."