De Streekboer begjint famylje om lokale boeren te helpen

26 jun 2017 - 08:13

De Streekboer hat moandeitemoarn de Streekboer Famylje lansearre. De Fryske organisaasje is it der net mei iens dat der alle dagen boeren ophâlde moatte mei harren bedriuw as gefolch fan de yntinsivearring en grutskaligens fan de lânbou. De macht moat werom by de boeren en de konsumint, seit De Streekboer en troch útwreiding fan it netwurk wol it lytsskalige boeren helpe in bestean op te bouwen.

Fia de organisaasje kinne minsken iten keapje fan lokale boeren. Der wurde no 1500 minsken socht dy't diel útmeitsje wolle fan de famylje, om boeren in ynkommen te besoargjen. Boerebedriuw 'Buurvrouw Durkje' yn Vegelinsoard is it earste projekt dat groeie moat, fan 9 nei 21 kij, sadat it gesin der fan libje kin. It bedriuw makket tsiisprodukten en leveret ûnder oare oan de gemeente Súdwest-Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)