Lieuwe Westra sit wer op de fyts, as amateur

25 jun 2017 - 21:13

Ald-profhurdfytser Lieuwe Westra hat syn earste wedstriid by de amateurs ferriden. Yn de wielerwedstriid Noordenveld Westerkwartier kaam Westra yn aksje foar syn nije ploech Cycling Team Fryslân. De start fan dizze wedstriidrige oer fiif dagen wie yn Peize. Westra kaam nei goed tachtich kilometer yn it peloton oer de streek.

Westra naam ein ferline jier abrupt ôfskied fan it profesjoneel hurdfytsen, nei in foar him mentaal swiere perioade dy't him depressyf makke. Mar de ynwenner fan De Tynje fielt him yntusken in stik better en fytst no foaral wer om't hy der wer nocht oan hat. Njonken it hurdfytsen docht Westra ek oan triatlon en hurddraven.

''Wer genietsje fan it libben''

''It wie echt moai, it wie genietsje'', sei in blide Lieuwe Westra. ''Der wurdt by de amateurs echt trochriden. Ik ha in hiel minne perioade hân, mar no giet it wer goed. Ik bin bliid dat ik no wer mei wille op de fyts sit. Ik bin wer op de goeie wei. Ik ha myn minne perioade no efter my litten. Ik wol wer genietsje fan it libben.''

(advertinsje)
(advertinsje)