Sylboat mei de mêst fêst ûnder brêge Twellingea

25 jun 2017 - 19:01
Foto: BTBmedia

By Twellingea hat sneintemiddei in sylboat fêstsitten ûnder de brêge fan de Nije Dyk. De boat rekke mei de mêst de ûnderkant fan de brêge en koe net mear fierder farre. De brânwacht en in plysjeboat waarden oproppen, sy hawwe de sylboat mei help fan in tou wer loslutsen. Der wie net in soad skea, de eigener koe mei syn boatsje gewoan wer fierder farre.

Trefwurden: 
sylboat brêge fêst Twellingea
(Advertinsje)
(Advertinsje)