Van Zwieten-en-dy winne haadklassepartij yn Berltsum

25 jun 2017 - 17:43

It partuer fan Menno van Zwieten, Hylke Bruinsma en Erwin Zijlstra hat sneintemiddei it haadklassekeatsen frije formaasje yn Berltsum wûn. Yn de finale wienen Van Zwieten-en-dy mei 5-5 en 6-2 te sterk foar it partuer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Op dy stân miste Steenstra mei syn opslach it perk. It wie de twadde seizoensoerwinning foar it partuer fan Van Zwieten.

De tredde priis yn Berltsum wie foar Jelte Pieter Dijkstra, Renze Hiemstra en Hendrik Kootstra. Menno van Zwieten waard útroppen ta kening.

(Advertinsje)
(Advertinsje)