Earste training foar spilers en staf fan SC Hearrenfean

25 jun 2017 - 17:22

Sportklup Hearrenfean hat sneintemiddei de earste training yn tarieding op it nije fuotbalseizoen ôfwurke. Goed fjouwerhûndert taskôgers wienen oanwêzich op it sportpark yn Langsweagen om de spilers fan Hearrenfean oan it wurk te sjen. Yn totaal stienen 21 spilers fan de klup op it fjild, ûnder wa de nije oanwinsten Warner Hahn en Daniel Høegh. Ek Michel Vonk, de nije assistint-trainer, wie oanwêzich.

De ynternasjonals, lykas Sam Larsson en Morten Thorsby, hawwe noch goed oardel wike fakânsje, sy slute dêrnei wer oan by de seleksje. Ek Maarten de Fockert en Branco van den Boomen wienen der net. De Fockert makket nei alle gedachten de oerstap nei FC Eindhoven en Van den Boomen sil de klup ek ferlitte.

Takom woansdei spilet SC Hearrenfean de earste oefenwedstriid yn de tarieding foar it nije seizoen. Tsjinstanner is de regioseleksje fan Gaasterlân-Sleat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)