Ferfierders Noardeast-Fryslân bliuwe foarearst gewoan riden

25 jun 2017 - 15:31

Minsken dy't gebrûk meitsje fan it learlinge- en WMO-ferfier yn Noardeast-Fryslân kinne dat ek nei 1 augustus gewoan dwaan bliuwe. De kontrakten mei de hjoeddeiske ferfierders wurde foar ien kear ferlinge. Eins rinne de kontrakten per 1 augustus ôf, mar de oanbestegingsproseduere foar it ferfier moat opnij.

Taksybedriuw Waaksma stapte nei de rjochter nei’t se de eardere oanbestegingsproseduere ferlern hienen, wêrnei’t se fan de rjochter gelyk krigen. Dêrtroch moat de hiele proseduere oer. Dat slagget net foar 1 augustus en dus komt der no in tuskenoplossing.

(Advertinsje)
(Advertinsje)