Nyck de Vries falt út yn sprintrace F2 Bakoe
Nyck de Vries fan Snits is snein teloarstellend útfallen yn de sprintrace fan de Formule 2 yn Bakoe, Azerbeidzjan. De Vries hie in geweldige start. Hy mocht as sânde begjinne, mar racede hiel rap nei it twadde plak. Nei tsien rondes foel er lykwols út troch technyske problemen. Norman Nato wûn de race.
Sneon waard de Fries noch knap twadde yn de haadrace.