"Stel in foarm fan politike tsjinstplicht yn"

25 jun 2017 - 12:43

Der soe in foarm fan politike tsjinstplicht komme moatte. Dit is in morele plicht fan boargers om mei te tinken oer politike ûnderwerpen. Politisy soenen dan in berop dwaan kinne op boargers om sels mei ideeën te kommen foar saken dy't yn de gemeente spylje. Dat seit boargemaster Gerben Gerbrandy fan de gemeente Achtkarspelen snein yn Buro de Vries.

Dêrmei wol hy de ôfstân tusken boarger en polityk ferlytse. Neffens him binne der hieltyd mear minsken ûntefreden oer de polityk, mar wolle se faak net meidwaan. Yn hokker foarm de politike tsjinstplicht krekt getten wurde moat, moat neffens Gerbrandy noch fierder útsocht wurde. Hy soe graach yn eigen gemeente eksperimintearje wolle mei boargerfora dy't binende advizen jouwe oan de gemeenteried.

(Advertinsje)
(Advertinsje)