Plysje beboetet 62 hurdriders yn Súdwest-Fryslân

25 jun 2017 - 12:12
Foto: ANP

By in grutte snelheidskontrôle yn Súdwest-Fryslân binne flink wat hurdriders tsjin de lampe rûn. Op de Alde Skatting by Heech waarden 54 bekeurings útdield. De hurdste snelheid dy't mjitten waard wie 127 kilometer yn 'e oere, wylst dêr mar 80 tastien is.

Op de Rigedyk by Aldegea waarden acht minsken op 'e bon slingere. De hurdste gie 134 kilometer yn 'e oere. Ek hjir is 80 kilometer yn 'e oere tastien.

(Advertinsje)
(Advertinsje)