Friezen binne tefreden oer it skieden fan ôffal

26 jun 2017 - 06:12

Friezen binne goed te sprekken oer it ferplichte skieden ynsammeljen fan hússmoargens. It ferdielen fan grien-, papier- en restôffal oer de ferskillende konteners is gjin inkeld beswier as dêrmei it miljeu holpen wurde kin. Dat docht bliken út in enkête fan de regionale omroppen en de NOS dêr't goed 850 Friezen oan meiwurke hawwe. 

It skieden en opheljen fan it ôffal krijt in dikke foldwaande, nammentlik in 7,5 as gemiddelde rapportsifer. Dochs jout noch 14 persint fan de minsken dy't de enkête ynfolle hawwe de ôffalynsammeling yn harren gemeente in ûnfoldwaande. Yn de gemeente Hearrenfean waard it faakst in ûnfoldwaande jûn. It gemiddelde rapportsifer is dêr in 6,1. Ynwenners yn Frjentsjerteradiel binne it meast tefreden, mei gemiddeld in 7,9.

Plestik

De belangrykste reden dat minsken ûntefreden binne oer it ôffalbelied yn harren gemeente, is dat der net genôch ôffal skieden wurdt. Benammen plestik ôffal soe apart ynsammele wurde moatte. Ek wolle guon minsken in spesjale papierkontener.

Faker leegje

Dêrneist docht bliken út de enkête dat by in kwart fan de minsken de kontener soms, of faak, sa fol sit dat der neat mear by past. Dizze minsken wolle dan ek graach dat de konteners faker lege wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)