Twa drankriders pakt yn Ljouwert

25 jun 2017 - 11:37
Alkoholkontrôle - Foto: ANP XTRA

Twa drankriders binne sneontenacht yn Ljouwert oanhâlden, omdat se mei te folle alkohol op rieden. In 42-jierrige man waard op de Wetering stilset. Ut de blaastest die bliken dat er fierstente folle drank op hie. Hy krige in boete en in rydûntsizzing.

Op de Grinzerstrjitwei waard in 16-jierrich famke op in scooter betrape dat ek tefolle dronken hie. Ek sy krige in boete en in rydferbod.

Trefwurden: 
Ljouwert drankrider
(Advertinsje)
(Advertinsje)