UPDATE: Fytser slim ferwûne nei oanriding op Skylge

© Nick den Boer
By in ûngelok op Skylge is in 21-jierrige ynwenner fan Grins sneontenacht slim ferwûne rekke. De man fytste troch Landerum doe't er oanriden waard troch in automobilist. Dy naaide út nei it ûngelok. It slachtoffer is mei in traumahelikopter nei it sikehûs brocht.
De plysje gie mei in pear eilanners op syk nei de autobestjoerder. De beskeadige auto waard even letter earne oars op it eilân oantroffen. Ut fierder ûndersyk die bliken dat de bestjoerder in 22-jierrige bewenner fan Skylge is. Hy is oanholden en fêstset foar fierder ûndersyk.