Mear as tûzen kuierders troch Frjentsjer foar Midnightwalk

24 jun 2017 - 22:00

Yn Frjentsjer gienen sneontejûn mear as tûzen kuierders de strjitte op foar de earste edysje fan de Midnightwalk. Om healwei tsienen sette de acht kilometer lange jûns- en nachtkuier útein op de Breedepleats yn de stêd.

De kuierders rinne troch de strjitsjes fan Frjentsjer, mar komme ek by bysûndere gebouwen en bedriuwen del. De opbringst fan de Midnightwalk giet nei de paadfinerij en de itensbank, der is yn totaal al goed tsientûzen euro ophelle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)