Fierljeppen yn Bûtenpost útsteld fanwegen it waar

Age Hulder © Martin de Jong
It fierljeppen yn Bûtenpost is sneontejûn fanwegen de minne waarsomstannichheden ôflaske. Der waard wol begûn oan de wedstriid, mar troch de rein wie it al gau net mear mooglik om te springen. De ôfstannen dy't al sprongen wienen, binne troch de wedstriidlieding ûnjildich ferklearre.
It fierljeppen yn Bûtenpost wurdt no op woansdei 12 july ynhelle.