Anko Postma foardroegen as nije wethâlder fan Opsterlân

24 jun 2017 - 21:14
De gemeenteried fan Opsterlân - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De 45-jierrige Anko Postma fan Nij Beets is troch de fraksje fan Opsterlands Belang foardroegen as nije wethâlder fan de gemeente Opsterlân. As de gemeenteried ynstimt mei de beneaming, folget Postma wethâlder Piet van Dijk op. Dy giet nei de Drintske gemeente Aa en Hunze, dêr't er boargemaster wurdt.

Postma studearre skiednis oan de Ryksuniversiteit yn Grins en is op it stuit partijfoarsitter fan Opsterlands Belang.

(Advertinsje)
(Advertinsje)