Hurdrinners Venhuizen en Leene winne Mar-athon Snits

24 jun 2017 - 22:20

Hurdrinners Jan Venhuizen en Nesrine Leene hawwe sneontejûn de Mar-athon Snits wûn. Foar Venhuizen wie it in werhelling fan de foarige edysje twa jier lyn, doe er de maraton ek op syn namme skreau. De winner by de froulju, Nesrine Leene, waard ferline kear noch tredde yn Snits. Se hie by dizze edysje mear as tsien minuten foarsprong op har achterfolgers.

It parkoers fan 42 kilometer gie om de Snitser Mar hinne en einige yn de binnenstêd. Freed waard ek al de Starteiland Run Hardlopen hâlden. De Mar-athon waard ôfsletten mei in festival op it Martiniplein.

Trefwurden: 
Mar-athon Snits hurdrinnen
(Advertinsje)
(Advertinsje)