Tuinenga, Van der Graaf en Siegersma winne NK keatsen

It partuer fan Berltsum mei Ilse Tuinenga, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma is sneontemiddei Nederlânsk kampioen wurden. Yn in kreaker fan in finale yn Wjelsryp wienen de trije froulju mei 5-5 en 6-6 te sterk foar it partuer fan Huzum mei Marije van der Meer, Nynke Sijbrandij en Manon Scheepstra. De tredde prizen wiene foar Grou en Wjelsryp op dizze 40ste edysje fan de bûnspartij by de froulju. It is foar Berltsum de sechde titel, Wommels is noch altyd rekôrhâlder mei njoggen oerwinnings.