Roze Zaterdag komt yn 2019 net nei Ljouwert

© ANP
Roze Zaterdag komt yn 2019 net nei Ljouwert. De jierlikse manifestaasje foar homo's, lesbo's, biseksuelen en transgenders sil dat jier yn Venlo organisearre wurde. De gemeente Ljouwert hie him yn april fan dit jier beskikber stelt foar de organisaasje, mar de kar is úteinlik net op de Fryske haadstêd fallen.
Neffens wethâlder Sjoerd Feitsma oerwaget de gemeente harsels yn 2020 opnij kandidaat te stellen foar Roze Zaterdag.