Anouska Koster pakt sulver op NK yn Montferland

Anouska Koster (argyffoto) © awfoto.nl
Hurdfytster Anouska Koster fan De Westereen hat sneontemiddei yn it Gelderske Montferland in sulveren medalje pakt op it Nederlânsk kampioenskip op de dyk. Allinne Chantal Blaak wie flugger as de Friezinne, dy't ferline jier nasjonaal kampioen waard. Mei noch twa kilometer te gean moast Koster de lettere Nederlânsk kampioene gean litte. It brûns yn Montferland wie foar Floortje Mackaij.
De wedstriid om it kampioenskip waard riden oer in parkoers fan goed 132 kilometer.