Van der Bos-en-dy winne keatserij yn Holwert

It partuer fan âld-Holwerter Gert-Anne van der Bos, Renze Hiemstra en Sjoerd de Jong hat sneontemiddei it haadklassekeatsen yn Holwert wûn. Yn de finale wienen Van der Bos-en-dy te sterk foar Johannes van der Veen, Pier Piersma en Evert Pieter Tolsma.
Sjoerd de Jong fan Sint-Anne is foar it earst op in haadklassepartij útroppen ta kening.