Hurdfytsers Krul en De Vries op poadium by NK beloften

24 jun 2017 - 16:17
Hartthijs de Vries (argyffoto) - Foto: awfoto.nl

Hurdfytser Stef Krul fan Tsjalbert hat sneontemiddei in sulveren medalje behelle op it NK by de beloften yn Montferland. Krul moast allinne Fabio Jakobsen foar him duldzje, dy waard yn in spannende slotfaze Nederlânsk kampioen. Op it tredde plak einige Hartthijs de Vries fan Kollum, in ploechmaat fan de kampioen. Foar Jakobsen is it de twadde Nederlânske titel op rige.

De wedstriid gie oer in parkoers fan goed 165 kilometer. Snein is de lêste dei fan it NK, dan komme de elite professionals yn aksje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)