Feteraan Manja Blok: ''It bliuwt je hiele libben by je''

24 jun 2017 - 15:15

It is in ear om feteraan te wêzen. It bliuwt je hiele libben by je. Dat sei Manja Blok fan De Lemmer sneon by de offisjele iepening fan nasjonale feteranedei yn de Ridderseal yn Den Haach. Blok wie de earste frou dy't piloat waard yn in F-16, en is oant no ta de iennige dy't operasjoneel mei sa'n tastel flein hat.

Bombardemint

Mei in kollega út Ljouwert wie Blok ferantwurdlik foar de earste gefjochtshanneling fan de Loftmacht sûnt de Twadde Wrâldoarloch. Yn 1995 bombardearre se it leger fan Mladic, yn Srebrenica, doe't Nederlânske kommando's ûnder fjoer leiden. "Ik dacht: het is uniek om op deze manier onze jongens op de grond te helpen. Dit is waar ik voor ben opgeleid, hiervoor hangen we al tweeëneenhalf jaar in de lucht."

Blok is net mear aktyf by de loftmacht. Se fljocht no foar Transavia. Se is ien fan de goed 115.000 feteranen dy't har ynset hawwe by tal fan fredesmisjes. De feteranedei moat mear mienskiplike erkenning en wurdearring foar dizze minsken opsmite.

Trefwurden: 
feteraan F-16 piloat Manja Blok
(Advertinsje)
(Advertinsje)