Tarik Tissoudali ferruilet SC Cambuur foar VVV Venlo

24 jun 2017 - 11:57
Tarik Tissoudali fan SC Cambuur - Foto: awfoto.nl

Tarik Tissoudali ferruilet it kommende seizoen Sportklup Cambuur foar VVV-Venlo. De 24-jierrige Tissoudali waard it ôfrûne healjier troch Cambuur hierd fan de Frânske klup Le Havre, mar sil no troch VVV hierd wurde. Hy makke sân doelpunten yn achttjin wedstriden foar de Ljouwerters.

Tissoudali spilet it kommende seizoen mei VVV yn de earedifyzje, nei't de Limboarchske klup it ôfrûne seizoen promovearre. Cambuur rûn promoasje just mis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)