Nyck de Vries twadde by Formule 2 haadrace yn Bakoe

Nyck de Vries © ANP
Autokoereur Nyck de Vries fan Snits is sneontemoarn twadde wurden by de haadrace fan de Formule 2 yn Bakoe, Azerbeidzjan. De Vries startte fanôf de twadde rige en wurke him troch in goede race nei foaren ta. De race waard lykwols foartidich ôfbrutsen nei in crash. De Vries wie dêr net by belutsen en lei op dat stuit op it twadde plak en krige dat plak ek ta tabedield. Charles Leclerc wûn de wedstriid. Snein wurdt noch de sprintrace ferriden.
De Vries wûn ein maaie syn earste Formule 2 sprintrace yn Monako.