Bilker oer kolleezje mei Van Maaren: "It wie rampsalich"

24 jun 2017 - 10:20

De stêd Ljouwert wie te grut om te bestjoeren foar âld-boargemaster Loekie van Maaren. Dat seit Bearn Bilker yn it ynterviewprogramma Fiel de Nacht fan Omrop Fryslân. Yn 2001 moast Van Maaren opstappe, omdat de wethâlders it fertrouwen yn har opsein hienen. Bilker wie ien fan dy wethâlders. No is er boargemaster fan Kollumerlân.

"Rampsalich"

"It wie rampsalich", seit Bilker, oer de tiid mei Van Maaren. "Ramp-sa-lich." It ynhâldlik, djip oer dingen diskusjearjen hie se net yn de fingers, seit er. Bilker seit ek dat Van Maaren coaching krige. Dêr wie er hiel skeptysk oer. "Dan seach ik har sitten op moandeitemoarn en dan tocht ik: 'O, wat kostet dit in jild!'"

Iepenbier meitsje

Earder hat Van Maaren sels sein dat de rúzje yn it kolleezje te krijen hie mei in rapport dat de wethâlders geheim hâlde woenen. Van Maaren woe dat rapport iepenbier meitsje. Bearn Bilker seit dat er him net herrinerje kin hoe't dat ek alwer gien wie.

(advertinsje)
(advertinsje)