Freonen fertochte stekpartij: Helpferliening skeat tekoart

24 jun 2017 - 09:21
De plysje en de helptsjinsten op it plak fan de stekpartij yn Ljouwert - Foto: Anton Kappers

Soarchynstânsjes binne tekoartsketten by de behanneling fan de psychyske problemen fan de fertochte fan de deadlike stekpartij yn Ljouwert fan ôfrûne tongersdei. Dat skriuwe freonen fan de fertochte yn in ferklearring op Facebook. Neffens har hat de 31-jierrige fertochte himsels de ôfrûne jierren twa kear frijwillich opnimme litten by in soarchynstelling, mar wegere hy medisinen te nimmen. Hie er dy medisinen wol naam, dan hie er mooglik gjin waanideeën mear hân en hie er syn âlders net delstutsen. De soarchynstânsjes hiene dit better yn de gaten hâlde moatten, fine de freonen.

Yn de ferklearring stiet ek dat der de ôfrûne dagen yn de media ferhalen opdûke dy't net wier binne. De freonen wolle mei de ferklearring harren eigen fyzje op it famyljedrama jaan, om sa rjocht te dwaan oan de slachtoffers en oan de fertochte sels.

By de stekpartij kaam de mem fan de fertochte om it libben, de heit rekke swierferwûne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)