Kollum: "Sport anno 2017"

"En sa stienen we dizze wike samar yn de WK finale. Jim wisten it miskien net, mar it is dochs echt wier. Nee, net fan fuotbal, net fan fjildhockey, net fan kuorbal. Basketbal, dêr ha wy de finale fan helle. Basketbal? Dan is dochs dy sport dêr’t Amearika altyd de lekkens útdield? Ja, dat is sa. Mar dan ha we it oer echt basketbal, mei twa baskets, oan beide einen fan it fjild ien. Dêr helje wy de finale net. Mar wol mei in nije bling-bling útfiering, want dat is hip tsjintwurdich.
Dizze foarm fan basketbal wurdt spile mei trije spilers yn elts team. Der is ek mar ien basket. Dus smite beide teams de bal troch deselde ring en dat smyt punten op. Moai goedkeap, je ha mar in heal fjildsje nedich en ien basket. It giet fluch, de sport is oanpast oan de spanningsbôge fan it publyk. En dy is hiel koart.
Sport is drok dwaande syn âlde, stoffige útfierings kwyt te reitsjen. Oer rûchwei tsien jier sil der nimmen mear sjen nei twa reedriders dy’t tsien kilometer boartsje mei tsienden fan sekonden. Jorrit en Sven dogge aanst yn Korea it ljocht út en Sjinkie knipt it yn in oare hal wer oan. Shorttrack hat de takomst, langebaaan is oan syn swannesang dwaande. Even slokke foar de konservative Nederlanners en Friezen, mar mondiaal besjoen hat it net folle mear om de hakken. In toernoai langebaan duorret de nije generaasje sjoggers gewoan fierstente lang.
Fuotbal is bytiden ek sa dreech as sjogge je gers groeien. It spul leit mear stil dan dat der balle wurdt. Dus komme der maatregels, omdat sels de meast konservative aller sportbûnen, de FIFA, wol sjocht dat it sa net goed komt. Se wolle ôf fan it twa kear trije kertier skema en rjochtsje harren op 60 minuten suvere spyltiid. In prima idee, omdat de teams dan folle minder treuzelje en it spul ophâlde as se foar steane. De 60 minuten moatte spile wurde, as it spul stilleit trochdat de spilers tsjin in skiedsrjochter oanseure, stiet de klok stil. Dus kinne se jammerje wat se wolle, de tiid giet der net fan om. En dat soe in goede basis wêze kinne om minder kommentaar op de lieding te hawwen.
De beliedsmakkers fan Olympyske Spullen, of dat no winters of simmers is, kieze mear en mear foar koarte, spektakulêre sporten. Dat proses is net mear te kearen.
Romantisy dy’t fêsthâlde wolle oan fiif oeren nei ien sportevenemint te sjen, ferlieze de slach. En der binne nochal wat romantisy ûnder sportleafhawwers. Ik ha wol dagen achter elkoar nei in testmatch cricket yn Ingelan sitten te sjen. Fassinearjend, echt wier. Mar de blitse en flitsende Premier League yn India lûkt folle mear oandacht. Koarte wedstriden mei in soad spektakel.
Basketbal mei trije spilers yn ien team wurdt Olympysk. Wylst de measten fan jim der miskien dizze wike foar it earst fan heard ha sille. It sil my benije hoe lang it noch duorret foardat de wedstriid op de wei fan de hurdfytsers mei de helte ynkoarten wurdt. Want it is net de fraach of, mar wannear’t it Ynternasjonaal Olympysk Komitee dêr mei dwaande sil. En as it IOC dat docht, sil de UCI, de Union Cycliste Internationale, net efterbliuwe.
Sport anno 2017 en de jierren dêrnei moat koart, flitsend. En it moat entertainend wêze. Oars bliuwe de eagen fan de nije generaasjes potinsjele harkers en sjoggers op it skerm fan harren mobyl rjochte. Dêr is dat allegearre te krijen. On demand, safolle as je wolle. It is dan wol net echt, mar wa ferhipt dat no noch wat?"