Dosinten oan de slach by bouprojekt fan Friso

Dosinten fan ROC Friese Poort wiene freed oan it wurk by de Friso Bouwgroep. Se diene mei oan it grut ûnderhâld en bûtenûnderhâld fan yn totaal 43 wenten yn Anjum, Moarre, Nijwier en Easternijtsjerk. De wenten wurde isolearre, de badkeamer, it húske en de keuken wurde renovearre. It doel is om it fakûnderwiis te ferbetterjen.
It inisjatyf foar de gearwurking komt fan de wurkjouwersorganisaasje Bouwend Nederland. Dy is ûnder it motto Bouwen aan de Bouw al sa'n tsien jier dwaande mei de ferbettering fan it fakûnderwiis en de ynfulling fan it ferlet oan fakkrachten yn de bou. Foaral de lêste tiid nimt de belangstelling hjir foar wer ta omdat de bousektor flink yn de lift sit.
De gearwurking is foar langere tiid sa sizze de beide partijen. Earder waard al dúdlik dat beide partijen boudosinten en bouwers byelkoar bringe wolle om fan elkoar te learen en elkoar te helpen. De ynset is om ûnderwiis en de fraach nei wurkkrachten yn de praktyk sa better opelkoar oanslute te litten.