Klassike muzyk sintraal op Ljouwerter City Proms

23 jun 2017 - 21:23

Klassike muzyk stiet dit wykein sintraal yn de binnenstêd fan Ljouwert mei it CityProms Festival. It begong freedtejûn mei in konsert fan it Noard-Nederlânsk Orkest mei sjongeres Shirma Rouse. De sjongeres is bekend fan it tv-programma The Voice of Holland.

It festival hat it Wilhelminaplein dit jier as haadlokaasje. Oare jierren wie dit it Aldehoustertsjerkhôf. De organisaasje is wiis mei de feroaring omdat it Wilhelminaplein mear yn it sintrum fan de binnenstêd sit. De iepening fan City Proms waard dien troch Boargemaster Crone, dy't ek in stikje dirigearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)