Dranksuchtige kammeraten mei losse hantsjes

23 jun 2017 - 21:06
Foto: ANP XTRA

It Iepenbier Ministearje fynt dat twa manlju út Waskemar en Haulerwijk de finzenis yn moatte foar earnstige geweldsmisdieden. De 59-jierrige man en syn 49-jierrige freon wiene 'dikke maten' neffens de offisier fan justysje. Mar se hawwe beide ek problemen mei alkohol en geweld. Begjin maart wie ien fan de fertochten op besite by in freon, dy besite rûn nei in pear glêzen alkohol út de hân. De Haulerwykster mishannele syn freon en fernielde ek in part fan de ynboedel fan it hûs. Hy hie hjirnei in protte spyt en hat syn freon in tillefyzje jûn as goedmakker.

In pear wiken dêrfoar wie it al twa kear mear út de hân rûn. Beide kearen soene de fertochten in man en in frou mishannele hawwe. Der soe ûnder oare mei in bierfles en in bierkrat slein wêze. De fertochte út Waskemar hie ek noch in bestelbus fernield mei in knuppel en in izeren staaf. It Iepenbier Ministearje easket no 10 moanne sel, wêrfan 4 ûnder betingst foar de man út Haulerwyk. De man út Waskemar moat neffens it IM trije moanne de sel yn en ek nochris trije moanne ûnder betingst. De rjochtbank docht op 7 july útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)